Earste skoaldei nei coronamaatregels: "Ik heb nu al zin in gym!"

11 maaie 2020 - 09:15

It liket wol de earste skoaldei nei de simmerfakânsje, sa bliid binne de bern om elkoar wer te sjen op de Plataanskoalle yn Ljouwert. Troch de coronamaatregels wie de skoalle lykas alle oare basisskoallen sûnt 16 maart ticht. Nei acht wiken thúsûnderwiis meie de bern no wer it klaslokaal yn. Dizze earste dei sil der net sa folle oan rekkenjen en taal dien wurde. "Wy wolle hjoed benammen graach fan de bern witte hoe't it mei har is."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Fan moandei ôf iepenje alle basisskoallen yn Nederlân harren doarren wer. Sa ek de Plataanskoalle yn Ljouwert. Direkteur Joop Boomsma is bliid dat alle bern wer nei skoalle kinne. Oan de oare kant jout it ek in dûbeld gefoel. "We ha it thúsûnderwiis hiel rap op poaten setten en dêr wienen wy aardich mei ûnderweis. No moat wy wer omskeakelje en ha wy thúsûnderwiis én ûnderwiis op skoalle. Mar ik moat sizze dat de learkrêften hjir hiel goed op ynspylje."

Dochs binne der ek twivels by de meiwurkers, jout Boomsma oan. "Ik ha mei alle learkrêften in petear hân en frege oft se wol wer oan it wurk wolle. Elkenien wol dit graach, mar fansels binne der twivels. Hoe hâlde jo dy oardel meter ôfstân fan elkoar? Dat is de grutte fraach. Wy ha mei de bern ôfspraken makke oer hoe't wy mei elkoar omgean. As wy freegje: hâld ôfstân, dan moatte de learlingen dat ek dwaan. Fierder hat elkenien eigen skriften, eigen tablets, moatte se in soad hanwaskje en omstebeurt nei de wc."

Op dizze earste skoaldei komme de rekken- en taalskriften net fuortendaliks op tafel, seit Boomsma. "Wy sille hjoed benammen in soad mei de learlingen prate. Hoe giet it mei jim, hoe wie it thús? Der sille hjoed net fuortendaliks rekken- en taallessen jûn wurde."

Hoe't it krekt allegear rinne sil op dizze 'earste skoaldei' doart Boomsma net te foarsizzen. "It is wat nuver, mar ik ha der alle betrouwen yn dat it goed komt. Wy sille it sjen. Dit ha wy noch nea earder meimakke. Ik bin ek benijd oft alle bern hjoed komme. Of hâlde heiten en memmen de bern thús? Wy ha noch gjin berjochten krigen dat bern thús bliuwe."

Direkteur Joop Boomsma fan de Plataanskoalle

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De earste bern stiene om kertier oer achten al te wachtsjen foar de doar. Direkteur Joop Boomsma joech elkenien útlis oer hoe't it krekt wurket op skoalle. "Se stean kreas te wachtsjen en hawwe ek al praatsjes. It is skitterjend hoe't de bern der op reagearje. Neffens my wurdt it in hiel moaie dei."

Roffia is ien fan de bern dy't sin hat om wer nei skoalle. "Ik vind het heel leuk, want ik miste school heel erg. Huiswerk vond ik niet zo erg, want dat hoort er bij. Maar het was wel saai om alleen maar binnen te zitten. Het is ook slecht om de hele tijd op je tablet of telefoon te zitten. Ik vind het beter dat we weer naar school kunnen. Ik ben wel een beetje bang voor het virus, maar als ik niet heel veel naar buiten ga, dan krijg ik het misschien wel niet. Ik ben wel gewend om mijn handen te wassen. Ik heb nu al zin in gym."

De earste bern stiene al foar de doar

(advertinsje)
(advertinsje)