Noch altyd ûnwissens yn AZC Snits nei corona-útbraak: "We willen zo snel mogelijk weten hoe we er voor staan"

11 maaie 2020 - 08:38

It AZC yn Snits gong freedtejûn trije dagen op slot nei't 22 persoanen posityf test wienen op it coronafirus. Alle 550 bewenners binne it ôfrûne wykein test en moandei wurde de útslaggen ferwachte. Lokaasjemanager Benny Schonewille hopet sa gau as mooglik de útslach te krijen. "We willen graag weten hoe we er voor staan."

Foto: Omrop Fryslân

De ûnwissens is grut by it AZC yn Snits, fernimt ek lokaasjemanager Schonewille. "Sommige mensen zijn bang en anderen geven aan graag mee te willen werken." De ôfrûne dagen is der in soad feroare yn de wurkwize yn it sintrum. "We verzorgen de voedselverstrekking voor de mensen, omdat ze niet meer zelf naar de winkel mogen. Maar ook de postuitgifte is veranderd. En we werken als medewerkers allemaal in beschermende pakken. Er is veel veranderd in ons werkbeeld."

Sûnt freed sit it asylsikerssintrum op slot. Dat betsjut lykwols net dat elkenien binnen bliuwt. Schonewille: "De mensen die niet positief getest hebben, mogen van hun kamer. De mensen die positief getest zijn, mogen niet van hun kamer." Dêrmei besiket it sintrum it tal besmettingen sa folle mooglik te beheinen. Mar oft dat slagge is, moat moandei blike as de útslaggen fan de testen bekend makke wurde.

"Er kunnen nog meer coronagevallen bijkomen, dat is mogelijk", seit Schonewille. "Hoe het dan verder moet? Ik volg daarin de GGD-richtlijnen. Het is geheel afhankelijk van de uitkomsten van de cijfers hoe we hier mee omgaan en hoe we verder gaan. Ik vaar op de kennis en kunde van de GGD. Die geven ons prima adviezen, waar we uitstekend mee uit de voeten kunnen."

Lokaasjemanager Benny Schonewille fan it AZC Snits

Trefwurden: 
coronafirus AZC Snits
(advertinsje)
(advertinsje)