Kollum: "Huis-tuin-en-keuken-baan"

11 maaie 2020 - 08:25

"Fan hjoed ôf meie bern wer nei de basisskoalle. Ik tink dat in hiel soad heiten en memmen thús ferromme sykhelje no't de skoalboeken en de tablets wer mei nei skoalle kinne. En dat de keukentafel wer frij makke wurde kin foar de iterspannen yn stee fan rekkenskriften en taalboekjes. Ik yn elk gefal wol.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Thúsûnderwiis: it wie foar ús allegear oant koartlyn in 'ver-van-mijn-bed-show' en allinnich foar minsken dy't yn the middle of nowhere wenje, lykas de bysûndere famyljes dy't Floortje Dessing yn har programma 'Floortje naar het einde van de wereld' opsiket. Dy't de wrâld oer swalkje yn harren sylskip of op in ûnbewenne eilân wenje mei ien of oare ynheemske stam. Dat soart bern kriget thúsûnderwiis.

De coronamaatregels soargen der lykwols foar dat elkenien yn Nederlân sa'n isolearre ynheemske stam waard, dy't de bern thús lesjaan moast. In pittige opjefte, want thús oan de keukentafel taalopdrachten en rekkensommen meitsje, blykt hiel wat oars te wêzen as wurkje yn de skoalklasse. Dêr kamen wy nei dei ien al achter. Ik mei net eamelje trouwens, want ik ha mar ien dei foar de keukentafel stien om les te jaan. Ien dei en doe wist ik fuortendaliks wer wêrom't ik myn pabo-oplieding net ôfmakke ha.

Yn in griis ferline ha ik in jier op de pabo sitten. It like my prachtich, juf wêze en foar de klasse stean. Sels betinke wat ik dy dei ris dwaan soe mei de bern. Mei syn allen de natoer yn om fûgels te spotten of in tekenles bûten op it plein hâlden. Ik kaam der lykwols op dei ien fan myn staazje al achter dat dit net hielendal de realiteit wie. Alle klassen hiene in metoade dy't presys fertelde wat der dy dei op it programma stie. Der wie gjin romte foar kreativiteit, yn elk gefal net op de skoalle dêr't ik staazjerûn.

Ik blykte yn de praktyk boppedat net sa'n goeie juf te wêzen as dat ik sels tocht hie. Benammen it strang wêzen en oarder hâlde, wie dreech. As ik foar de klasse stie, feroare de groep yn noch gjin fiif minuten tiid yn ien grut pikehok. Alle tritich bern fladderen en kraaiden trochinoar hinne. Ik die myn bêst om boppe al dat leven út te kommen, mar sûnder sukses. Nei in jier wie ik der klear mei en ha ik myn ûnderwiisambysje mar farre litten.

Gelokkich hie ik dit kear thús yn de keukenklasse gjin groep fan tritich bern, mar ientsje mei mar twa learlingen. Dat moat te dwaan wêze, tocht ik om healwei njoggenen noch hiel dapper. Mar it foel my bot ôf. It wie noch net iens alve oere en doe hie ik de earste learling al út de klasse stjoerd. Der bleau dus noch ientsje oer. Dy wie braaf it húswurk oan it meitsjen.

En dochs hie ik myn hannen ek dêr fol oan. Der moast oerlein wurde op Teams, filmkes opsocht wurde op YouTube dy't yn it Ingelsk wienen en nei it Nederlânsk oerset wurde moasten. We krigen foto-opdrachten dêr't al it guod op souder foar nedich en dêr't ik as assistint op de set ûnmisber wie. Dêrnei moasten alle weektaken online ynfuld wurde en doe wie it al wer tiid foar it online-oerlis mei de juf fia de chatfunksje fan Zoom. Om tolve oere koest my wol opfeie.

Ik sis it nammens al dy heiten en memmen dy't no bekomme kinne fan in moanne thúsûnderwiis: respekt foar al dy juffen en masters dy't de ôfrûne wiken út hûs wei al dizze lessen jûn ha. Ik tink dat heiten en memmen no better as ea begripe dat professionals yn it ûnderwiis folslein terjochte freegje om mear tiid en jild om harren wurk goed te dwaan. Want ien ding bin ik wis fan: it ûnderwiis is alles behalve in huis-tuin-en-keuken-baan."

(advertinsje)
(advertinsje)