Folle aginda's by de kappers nei wikenlange sluting fanwege corona

11 maaie 2020 - 06:59

De kommende tiid stiet de aginda fan kapsalon Avenue op 'e Gordyk hielendal fol. Nei in wikenlange twongen sluting fanwege it coronafirus binne de measte klanten wol wer ta oan in behanneling. It personiel fan Avenue is der klear foar, mar nimt wol de nedige foarsoarchsmaatregels.

Sûnt minister-presidint Mark Rutte ferline wike tiisdei bekend makke dat de kappers fan 11 maaie ôf wer los meie, giet de telefoan by kapsalon Avenue ûnophâldend. Om alle klanten helpe te kinnen, is de salon de kommende tiid langer iepen en draait it personiel oeroeren. Neffens eigeneresse Clara van der Meer dogge se dat ek graach nei de twongen 'fakânsje'.

Kapper - Foto: Shutterstock.com

Om sawol it personiel as de klanten te beskermjen tsjin it coronafirus jilde der maatregels yn alle kapsalons. Sa moat der nei elke behanneling skjinmakke wurde en wurdt de planning sa dien dat der sa min mooglik klanten tagelyk sitte te wachtsjen.

Mûlkapkes

By Avenue kieze se der foar om ek mûlkapkes op te hawwen, al is dat net ferplichte. Neffens Clara van der Meer wolle se earst sjen oft de ferromming fan de maatregels net ta mear syktegefallen liedt. As oer in skoftke bliken docht dat dat net sa is, dan sil besjoen wurde oft de kapkes noch langer brûkt wurde.

It ophawwen fan de kapkes is foar it personiel neffens Van der Meer wol in 'barriêre', dêr't se efkes trochhinne moatte. Om dy reden is sneon al proefdraaid. Om de klanten alfêst ta te rieden op hoe't it no yn de salon wurket, hat de kapsalon foar syn webside in ynstruksjefilmke meitsje litten.

Moandeitemoarn om njoggen oere wurde de earste klanten holpen by Avenue. "Einliks wer los", fersuchtet Clara van der Meer.

Kapster Clara van der Meer

Foto: ANP Foto

Ek op It Hearrenfean is der folop drokte

Wethâlder Hans Broekhuizen fan de gemeente Hearrenfean siet moandeitemoarn om 06.30 oere al yn de kappersstoel by kapper de Vos. "Ik vind het wel fijn om weer bij de ondernemers langs te gaan. Er zijn veel ondernemers waar het niet goed mee gaat, maar ook ondernemers waar het heel goed mee gaat. Ik was onlangs bij een fabrikant van plexiglas, die maakt gouden tijden door. Het is niet alleen kommer en kwel."

Dochs is Kapper de Vos bliid dat de kapperssaak wer iepen mei. "Wy ha acht wiken ticht west. Dat giet jo net yn de kâlde klean sitten. Wy ha acht minsken oan it wurk. Benammen yn it begjin wie it hiel spannend hoe't it him ûntwikkelje soe. Gelokkich hiene wy noch in potsje en mei subsydzje fan it regear ha wy it rêde kinnen."

De ôfrûne dagen stie de telefoan net stil yn de kapperssaak. "Fandêr dat wy ek sa betiid iepen binne moandei", leit de Vos út. "Wy binne fuort nei seis oere begûn, dogge der in ekstra keapjûn by en meitsje lange dagen. Sa besykje wy in finansjele ynhelslach te meitsjen."

Wethâlder Hans Broekhuizen yn de kappersstoel

(advertinsje)
(advertinsje)