'Gjin hûn' bringt syn hûn by it bistepensjon yn Drachten: "We missen vooral het geblaf"

Hast alle bedriuwen yn Fryslân hawwe bot lêst fan de coronakrisis. Dat jildt ek foar Dierenpension Drachten: dêr is it op it stuit tige stil. Troch it coronafirus bliuwe baaskes thús en komme der dus gjin hûnen útfanhûs. "We missen vooral het geblaf ontzettend."
Bistepensjon
Gewoanwei sitte de kennels fan Dierenpension Drachten fol mei hûnen dy't foar in koarte perioade útfanhûs komme. Baaskes dy't mei fakânsje gean, kinne harren bist yn Drachten bringe, dêr't der goed op past wurdt. Mar no't elkenien thús bliuwt en fakânsjes skrast wurde, is it stil yn Drachten. Meiwurkers misse benammen it geblaf fan de bisten.
Benammen yn de simmerfakânsje sitte de kennels fol en kinne der sa'n 130 hûnen terjochte. Dit jier is de aginda yn july en augustus lykwols hast noch hielendal leech. "We hebben een paar honden die langskomen, maar het is te weinig om de zomervakantie te overleven." En dus meitsje de meiwurkers en de eigeners harren grutte soargen. As it tal ôfspraken net oanlûkt yn koarte tiid, giet de stekker der aanst út.
Ferslachjouwer Janko Krist seach by it bistepensjon