Coronanijs 11 maaie: Talma Hûs yn Feanwâlden wer iepen foar besite; 28 besmettings yn azc Snits

11 maaie 2020 - 23:00

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Der binne yn Fryslân 63 minsken ferstoarn oan it firus, en der binne 561 besmettingen fêststeld;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch op de kaart foar de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

23:00
Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan moandei 11 maaie oer it coronafirus. Elkenien tank foar it folgjen! Dit wie it wichtichste nijs fan moandei:

  • Der binne yn Fryslân 63 minsken ferstoarn oan it firus, en der binne 561 besmettingen fêststeld;
  • Talma Hûs yn Feanwâlden iepenet fan woansdei 13 maaie ôf foarsichtich wer de doarren foar besite;
  • Der binne noch seis azc-bewenners yn Snits posityf test op coronafirus; yn totaal dus 28;
  • Rederij Doeksen fart fan 1 juny ôf de maksimale tsjinstregeling.

Tiisdeitemoarn binne we der wer mei in nij liveblog.

22:13
Basisskoallen binne wer iepen

De basisskoallen mochten moandei foar it earst yn lange tiid wer iepen. Dy wiene ticht fanwegen it coronafirus, mar no't mei de helte fan de learlingen nei de skoallen. Moandei de iene helte, tiisdei de oare helte, ensfh. Albert Helder, direkteur fan skoalkoepel Proloog, gie by tsien skoallen del en seach dat it dêr rêstich wie: "De skoallen ha de ôfrûne wiken in soad tiid stutsen om derfoar te soargen dat se it protokol folgje koene."

Lês mear: Hoe ferrûn de earste skoaldei yn Fryslân?

22:11
Flaeijelfeest giet net troch

Troch de coronakrisis kin it Flaeijelfeest dit jier net trochgean. Dat lit de organisaasje moandeitejûn witte. It evenemint is ferpleatst nei 2021. Sa'n 450 frijwilligers binne it ôfrûne heal jier dwaande west mei tariedingen foar it Flaeijelfeest yn Ald- en Nijhoarne. By it feest feroaret in grut stik greide dêr yn de tiid fan earder. Dat soe dit jier foar it earst barre op in nije lokaasje yn Nijhoarne.

Lês mear: Ek Flaeijelfeest yn Nijhoarne giet dit jier net troch coronafirus

21:03
Sionsberg pakt reguliere soarch wer op

Sikehûs Sionsberg yn Dokkum wurdt stadichoan wer tagonklik foar reguliere soarchoanfragen. Dat meldt it sikehûs moandeitejûn. Pasjinten kinne wer trochferwiisd wurde troch de húsdokter. Pasjinten dy't al op de wachtlist stiene, wurde oproppen op basis fan medyske urginsje. Wêr mooglik wurdt noch gebrûk makke fan telefoanyske konsulten. De spesjalist sil foar elke pasjint bepale hokker ôfspraak der makke wurde kin.

Sionsberg hat ekstra maatregels naam om it oantal persoanen yn de wachtkeamers sa leech mooglik te hâlden en de oardel meter hanthavene wurde kin. It sikehûs ropt minsken op om krekt foar de ôfpraten tiid en allinnich nei ôfspraken te kommen. Begelieding is allinnich tastien by minderjierrigen en minsken dy't harsels net goed rêde kinne. De begelieder mei gjin coronaferskynsels ha en ek net yn kontakt west ha mei (mooglike) coronapasjinten.

20:58
Jan Ketelaar wer thús

Byldzjend keunstner Jan Ketelaar fan Drachten, benammen bekend om de twa froulju op de seedyk fan Holwert, is nei 3 moanne yn Italië wer thús. Hy ferbleau trije wiken by freonen yn in lyts doarpke yn it suden fan it lân, mar doe bruts it coronafirus út. Hy siet fêst en koe net mear nei hûs. Yntusken is er wer by syn famylje.

20:48
Leuzen yn Easterwâlde

Op ferskate plakken yn Easterwâlde binne leuzen skreaun tsjin de coronamaatregels. Sa is te lêzen "stop lockdown" en "5G kills", wêrby't ferwiisd wurdt nei de teory dat it coronafirus ferbân hâlde soe mei 5G-netwurken. Wa't de leuzen skreaun hat, is net bekend.

19:09
Fideodeiboek fan studint: "Ik ben niet alleen cassière op dit moment, maar ook schoonmaakster"

Anna Rixt Sijens wurket yn de Albert Heijn yn Ljouwert. Dêr moat se sûnt de coronakrisis de winkelkarren skjinmeitsje. Se ropt yn har vlog minsken op om harren oan de regels te hâlden yn de winkel.

17:25
Doeksen feroaret tsjinstregeling

Rederij Doeksen fart fan 1 juny ôf de maksimale tsjinstregeling. Dat betsjut dat der faker in boat tusken de eilannen en de fêste wâl giet, mar krekt as no wol mei minder minsken. Alle coronamaatregels bliuwe fan krêft.

Dat betsjut ûnder oare dat reizgers en personiel in mûlkapke ha moatte en dat se oardel meter ôfstân hâlde moatte. De fearboaten geane ferspraat oer de dei, om tefolle drokte yn de terminals en by it yn- en útgean fan de boaten foar te kommen.

16:39
Yn totaal 28 besmettings yn Snitser azc

Der binne noch seis minsken posityf test op it coronafirus yn it asylsikerssintrum fan Snits. Dat makke GGD Fryslân moandeitemiddei, tegearre mei it azc en de boargemaster fan Súdwest-Fryslân, bekend op de parsekonferinsje oer de corona-útbraak yn it azc. Earder waard bekend dat 22 minsken dêr besmet binne mei it firus. It sintrum waard op slot set en fan it wykein waard in grut part fan de bewenners test.

Yn totaal binne der no dus 28 azc-bewenners posityf test op it coronafirus. Dizze minsken binne mei harren famylje en húsgenoaten yn karanêne pleatst op oare lokaasjes, meldt lokaasjemanager Benny Schonewille.

Yn it sintrum wenje likernôch 450 minsken, in groep fan 98 asylsikers wie earder al út it sintrum fuortgien. Alle bewenners dy't der de ôfrûne tiid ferbleaune, binne test, ek as se gjin klachten hiene. Ek 40 meiwurkers fan it azc binne test. Ien personielslid waard posityf test. Dizze persoan wie freed al bekend en sit no thús.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)