'Hurdfytser Pieter Weening tekenet kontrakt by Trek-Segafredo'

10 maaie 2020 - 21:02

Pieter Weening fan De Harkema tekenet nei alle gedachten in kontrakt by de Amerikaanske ploech Trek-Segafredo. Dat meldt de webside WielerFlits. De hurdfytser siet dit jier noch sûnder ploech, nei't it team fan Roompot ein ferline jier de stekker út 'e ploech luts.

Foto: Orange Pictures

De 39-jierrige Weening sil op koarte termyn in kontrakt ûndertekenje. Troch fertraging by it bûn UCI, fanwegen it coronafirus, is dat noch net bard.

Ploechgenoaten

By Trek-Segafredo komt de Fries ûnder mear by Bauke Mollema en Koen de Kort te fytsen. Ek Vincenzo Nibali, Richie Porte en wrâldkampioen Mads Pedersen sitte yn de ploech.

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
(advertinsje)
(advertinsje)