KNRM om 'e nocht útfearn foar fermiste surfer by Harns

De KNRM fan Harns is snein oan de ein fan de middei útfearn nei in melding fan in fermiste kitesurfer. Al gau waard lykwols dúdlik dat de surfer himsels alwer yn feilichheid brocht hie.
© CAMJO Media
De KNRM hat tusken Harns en Koarnwert socht mei de surfer, mar dy wie dus alwer út it wetter. It kitemateriaal fan de man wie wol ôfdreaun. De meiwurkers fan de KNRM hawwe it guod weromfûn en oan de surfer retoernearre.