Camperferhier komt mar net op gong dit jier

10 maaie 2020 - 19:23

Guon garaazjes fan camperferhierbedriuwen stean dizze dagen noch fol. De ferhier wol mar net op gong komme. De measte hierders brûke de camper foar in reis nei it bûtenlân. Dat sit der troch alle restriksjes en tichte grinzen no net yn.

De garaazje fan Kruisinga stiet fol. - Foto: Omrop Fryslan

By Kruisinga Camperverhuur yn Jirnsum stiet de garaazje fol. "Gewoanwei stean der noch mar in oantal. It seizoen begjint yn april, mei de peaskedagen. Mar dat foel fuort en sûnt doe reint it annulearrings."

Je soene sizze dat in camper no ideaal is foar in fakânsje, ek yn eigen lân. Kloppet, seit Douwe Kruisinga. "It probleem bliuwt allinnich it leegjen fan it gemyske toilet. De toiletgebouwen binne ticht dus dat kin net."

Foarse strop

It is in foarse strop foar de Kruisinga's. Krekt lykas boatferhierders wurde yn de winter alle ynvestearringen dien en de auto's klearmakke foar de simmer. It jild dat dêr yn stutsen is, kin net werom fertsjinne wurde.

Foto: Omrop Fryslan

Thierry Kamminga fan Friesland Campers is in stik positiver. "Ja, wy ha ek in soad annulearrings hân, mar ha minsken oertsjûge om gewoan yn eigen lân om te riden. Dat kin gewoan, want campings binne foar in grut part iepen."

Kamminga fernimt dat minsken stadichoan der wat op út doare. "We sjogge hast gjin kontrôle mear oan de Dútske grins. Dus Dútslân kinst wer yn. Der is ek ien dy't besiket om nei Sweden te riden. It begjin stikem wer te riden."

Douwe Kruisinga

Trefwurden: 
coronafirus camperferhier
(advertinsje)
(advertinsje)