It Sint Christophorilien: boek oer âldste lien fan Fryslân

10 maaie 2020 - 17:30

It Sint Christophorilien is ien fan de âldste lienen yn Fryslân. Dit jier bestiet it 540 jier. Reden om in boek te skriuwen oer it lien dat minsken finansjeel stipet by in stúdzje. Tom Harkema is ien fan it neiteam fan de oprjochter fan it Sint Christophorilien. Hy makke in boek oer de skiednis en portrettearre tolve minsken dy't mei help fan it lien harren libben mei in stúdzje ferrike koene en dêrmei in bydrage leverje oan de maatskippij.

Koen Heerschop - Foto: Simone Scheffer

Yn 1480 waard it lien stichte troch de rike keapman Gerrijt van Belcum út Ljouwert. Yn syn testamint beskreau hy de betingsten dêr't saneamde 'beneficianten' oan foldwaan moasten om yn oanmerking te kommen foar stipe. De lien wie allinnich foar it neiteam fan de rike Ljouwerter. Ynearsten wiene it benammen foar prysters, mar letter waarden de stúdzjes folle breder.

Rûzige skiednis

De skiednis fan it lien ken in soad rûzige skiednis. Sa waard der spul makke troch neibesteanden oer wa't der wol of net gebrûk meitsje koe fan de stipe. Pas oan de ein fan de achttjinde iuw kamen der regleminten op papier en waard it tafersjoch yn hannen jûn fan autoriteiten bûten de famylje. En dat is no noch hieltyd sa.

Skriuwer Tom Harkema fan it boek 'Het gezicht van het Sint Christophorileen'

It neiteam fan Van Belcum is yntusken útgroeid nei hûnderttûzenen minsken. Dêr is in tal bekende Nederlanners by, lykas Geert Mak, Geert Wilders en Wieteke van Dort. Ek de aktrise Audrey Hepburn is fiere famylje fan de rike keapman. Sy hat lykwols gjin gebrûk makke fan it stipendium.

Anske Zwalua - Foto: Simone Scheffer

In hiel soad oaren wol. Tolve dêrfan fertelle harren ferhaal yn it boek. Fan jonge oant al pensjonearde minsken wurde portrettearre. Sa koe de 59-jierrige Anske Zwalua fan Tsjummearum fiskaal rjocht studearje mei de finansjele stipe fan it lien en de 79-jierrige Ies Bijlsma koe biology studearje.

Ek hjoed-de-dei wurde studinten noch stipe. Koen Heerschop fan Snits groeide op yn Dútslân. Hy studearre genêskunde en is no anestesiolooch. Syn ideaal is aanst as dokter by in helporganisaasje te wurkjen.

It boek is te keap by Het Boekhuis yn Boalsert en der binne in pear hûndert fan drukt. It boek kin dêr besteld wurde. It kostet fyftjin euro. Wa't it bestelle wol, kin dat bedrach oermeitsje nei rekken NL41RABO0372112463 mei fermelding fan namme en adres.

(advertinsje)
(advertinsje)