Heechlearaar Sake de Vlas ferwachtet nije weach fan coronabesmettingen

Hoe komme we út de coronakrisis wei? En watfoar exitstrategy kinne we dêrby folgje? Fries om utens Sake de Vlas is ien fan de saakkundigen yn Nederlân op dit mêd en fertelde deroer yn ús radioprogramma Buro de Vries.
© Shutterstock
De Vlas komt fan oarsprong út Achlum, mar wennet no yn Wageningen. Hy is heechlearaar ynfeksjesyktemodellearring oan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam en wurdt de lêste tiid faak ynterviewd oer it coronafirus. "It hâldt net op, it is in bizarre wrâld no even foar my. Ik bin al tritich jier dwaande mei it rekkenjen oan de fersprieding en bestriding fan ynfeksjesykten. Dat wiene foaral sykten fan de tropen. No giet it oer sykten dêr't we mei syn allen mei te meitsjen ha en elkenien springt der boppe-op."
It falt neffens De Vlas net ta om in goede exitstrategy te betinken foar it coronafirus. Dat komt benammen omdat it in nij firus is. "Der binne noch sa'n soad saken ûnbekend", seit er. "Ek witte we noch altyd net hoe ymmún minsken binne dy't de sykte hân ha."

"SARS wie dúdlik"

It coronafirus liket op it SARS-firus dat yn 2003 útbruts, ek earst yn Sina. De Vlas hat yn 2006 in heal jier yn Sina west foar ûndersyk nei SARS, dat op in gegeven stuit fansels oergie. It wie de alderearste pandemy fan dizze iuw, mar dy koe better yn 'e hân hâlden wurde. "By SARS wie it dúdlik, je wiene pas besmetlik as je ferskynsels hiene." Dêrtroch waard it net sa bot oer de wrâld ferspraat as no mei it coronafirus it gefal is.

Nije weach

De Vlas moat noch mar sjen oft it nije firus ea wer fuortgiet. Troch it ferromjen fan de coronamaatregels is de kâns grut dat der in nije weach fan besmettingen komt, seit er. "Dy hoecht lykwols net grutter te wêzen. We witte net hoe heech. Miskien falt it allegear wol ta." Wol is it sa dat der neffens him oer it hiele lân, en benammen yn it Noarden, te min ymmuniteit opboud is.
Hy pleitet derfoar om sa min mooglik aktiviteiten tagelyk wer ta te stien, want dan is net goed mear te achterheljen wêr't nije besmettingen weikomme. Oer de eventuele komst fan in faksin is er frij synysk: "Ik soe dêr net al myn jild op sette."
Heechlearaar Sake de Vlas