Twa hurdfytsers ferwûne by ûngelok by Reduzum

Twa hurdfytsers binne snein ferwûne rekke by in ûngelok op de Overijsselsestraatweg by Reduzum. Beide slachtoffers binne mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.
© AS Media
Ien fan de hurdfytsers soe der slim oan ta wêze en waard oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert. In traumahelikopter waard oproppen om it ambulânsepersoniel by te stean.
De plysje ûndersiket noch wat der krekt bard is. Mooglik binne beide hurdfytsers mei elkoar yn botsing kaam.