Fries oanhâlden nei ûngelok op A7 by Grins

10 maaie 2020 - 12:49

In man fan 35 jier út de gemeente Noardeast-Fryslân is sneontenacht oanhâlden nei in ûngelok op de A7 by Grins. De automobilist soe neffens de plysje ûnder ynfloed fan alkohol west ha, doe't er achter op in oare auto klapte.

Foto: De Vries Media

Troch de klap kaam der in soad guod op de dyk telâne. De A7 wie dêrom in skoftke ôfsletten yn de rjochting fan Leek nei Grins.

Der soe net ien ferwûne rekke wêze, wol rûnen beide auto's skea op. Dy binne fuortsleept troch in berger.

(advertinsje)
(advertinsje)