SC Cambuur ropt supporters op om tongersdei flagge út te stekken

10 maaie 2020 - 12:10

Fuotbalklup SC Cambuur ropt supporters op om kommende tongersdei massaal de flagge út te stekken. De rjochter sil dy dei útspraak dwaan yn it koart pleit dat de klup oanspand hat tsjin it beslút fan de KNVB om promoasje fan de Ljouwerters nei de earedifyzje net ta te stean.

Foto: SC Cambuur

De giel-blauwe 'Cambuur Komt Eraan'-flagge is spesjaal foar dizze gelegenheid makke en minsken kinne dy bestelle fia de webside fan de fuotbalklup. De klup seit dat de opbringst fan de ferkeap brûkt wurde sil foar de juridyske striid.

De KNVB besleat Cambuur net promovearje te litten, nei't de kompetysje fanwege it coronafirus net mear trochgie. De Ljouwerter klup fielt him, tegearre mei De Graafschap dy't ek net nei de earedifyzje mei, swier beneidiele.

In eardere stickeraksje fan supporters hat goed 45.000 euro opsmiten foar SC Cambuur.

(advertinsje)
(advertinsje)