Warskôging foar hurde wynstjitten op memmedei: "It wurdt in rûch waartype"

10 maaie 2020 - 15:22

It waar op dizze memmedei slacht yn de rin fan de dei gau om, seit waarman Piet Paulusma. "It wurdt in rûch waartype." It KNMI hat koade giel ôfjûn foar de westkust.

Foto: Omrop Fryslân

De dei is begûn mei rêstich waar: sinne en bewolking mei earst noch temperatueren tusken 16 en 18 graden. Mar letter yn de middei sakje de temperatueren rap nei de 10 graden. Boppedat nimt de wyn út noard oant noardeast middeis rap ta oant (frij) krêftich, krêft 5 of 6, warskôget Paulusma.

Yn it kustgebiet, op it Waad en de Iselmar kinne der wynstjitten yn krêft 7 oant 9 foarkomme. Paulusma: "Dus in dúdlike warskôging foar it ferkear, foar de wettersport en alles wat we yn de tún stean ha."

Yn de jûn en nacht ek in hurde wyn en stadichoan kâns op in buike fan de Noardsee ôf. De temperatueren lizze dan om de 5 of 6 graden hinne.

KNMI: koade giel

It KNMI hat foar dizze snein en moandei koade giel ôfjûn foar de westkust fan Nederlân, ynklusyf de Waadeilannen. Der wurde swiere wynstjitten ferwachte fan om de 75 kilometer de oere hinne, út noardlike rjochting. Dat sil neffens it KNMI oant moandeitejûn duorje.

Troch it moaie waar fan sneon giene in soad minsken der op út. Yn de binnenstêd fan Ljouwert wie it bygelyks drok.

Piet Paulusma oer it waar op dizze memmedei

Trefwurden: 
waar KNMI Piet Paulusma
(advertinsje)
(advertinsje)