Monumintale Teernstrabrêge yn Balk stikken

10 maaie 2020 - 08:23

De Teernstrabrêge oer de Luts yn Balk is stikken. De oandriuwing fan de monumintale flapbrêge is ôfbrutsen en dêrtroch kin er net mear betsjinne wurde.

De Teernstrabrêge yn Balk - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It sil nei alle gedachten in pear dagen duorje foardat it probleem ferholpen is, meldt gemeente De Fryske Marren. Oant dy tiid is de brêge bûten gebrûk.

De Teernstrabrêge yn Balk waard yn 1916 boud en is in ryksmonumint.

Trefwurden: 
Balk defekt Teernstrabrêge
(advertinsje)
(advertinsje)