Brân útbrutsen yn bedriuwsloads Wytmarsum

10 maaie 2020 - 07:43

Yn Wytmarsum hat sneintemoarn brân west yn in bedriuwsloads oan De Tunen. Yn it pân fan sa'n 900 fjouwerkante meter sitte ferskate bedriuwsunits. By de bestriding fan de brân waard in heechwurker ynset.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

De brânwacht hie al gau troch wêr't de brân útbrutsen wie en wist foar te kommen dat it fjoer oersloech nei oare bedriuwsunits. Yn ûngefear in oere wie de brân ûnder kontrôle en nei ynspeksje fan it gebou koe de brânwacht werom nei de kazerne.

It is net bekend hoe grut oft de skea is yn de loads. Yn it gebou sit ûnder oare in fytsewinkel.

Trefwurden: 
brân Wytmarsum loads
(advertinsje)
(advertinsje)