Ungelok yn Dokkum: botsing motorrider en bestelbus

09 maaie 2020 - 20:41

Yn Dokkum is sneontejûn in ûngelok bard op de krusing fan de Woudweg mei it Bonifaciusplein. In motorrider en in bestelbus kamen mei elkoar yn botsing. Der soene twa minsken ferwûne rekke wêze.

Foto: De Vries Media

De helptsjinsten hawwe earste help ferliend. Sawol de bestjoerder fan de motor as in passazjier binne behannele troch ambulânsepersoniel.

De oarsaak fan it ûngelok leit nei alle gedachten by in foarrangsflater. Troch de botsing hawwe de motor en de bestelbus flink wat skea oprûn. De krusing waard tydlik ôfsletten.

Trefwurden: 
ûngelok Dokkum
(advertinsje)
(advertinsje)