Omrop TIP: Fries om utens blaast wûndermotor nij libben yn

10 maaie 2020 - 09:15

Utfiner en âld-Boalserter Willibrordus van der Weide blaast de wûndermotor fan Johannes Wardenier nij libben yn. Mei in yngenieur yn Oekraïne hat er al in wurkjend proefmodel makke, dat foar in grut part basearre is op de teory efter Wardenier syn brânstofleaze motor út de jierren tritich. Hoe serieus moatte we dit nimme?

Foto: Eigen foto

In motor dy't op jarre rint en fierder wurket op basis fan in prinsipe dat Johannes Wardenier yn de jierren tritich al betocht hat. It klinkt net al te logysk, mar de Fryske útfiner om utens, Willibrord van der Weide, claimt dat it kin. Sterker noch, yn Oekraïne soe hy mei in yngenieur al in wurkjend prototype makke ha.

Utfiningen

Van der Weide, dy't berne is yn Boalsert, hat ûnder mear wurke oan útfiningen foar de suvel en de ûntwikkeling fan dongstoffen op basis fan waai. Hy is al jierren ynteressearre yn de saneamde 'brânstofleaze motor', dy't Wardenier yn de jierren tritich wrâldferneamd makke.

Yn Wolvegea soe in grutte fabryk delset wurde om syn motoaren te bouwen. Mar dat is der nea fan kaam om't Wardenier nei in gesticht brocht waard en syn model, neffens de ferhalen, troch 'hege hearen' meinaam waard en nea weromfûn is. Sa is it ferhaal fan Wardenier altyd in mystearje bleaun.

Willibrord van der Weide oer de wûndermotor

Van der Weide hat it prinsipe fan de Wardenier-motor oernaam, mar dêr jarre as 'brânstof' oan taheakke. Yn line mei de plannen dy't Wardenier eartiids hie, wol er syn prototype graach presintearje op it gemeentehûs fan Weststellingwerf.

As de grinzen wer iepengean, wol er syn proefmodel fan Oekraïne nei Fryslân helje en by de ûntwikkeling mear saakkundigen belûke. Op de fraach oft er no in fantast oft in sjeny is, seit Van der Weide: "Ik ben een realist, een compleet-denker".

Snein mear oer Willibrordus van der Weide yn it radioprogramma Buro de Vries by Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)