FIDEO: Bysûndere betinking by Wellington yn Aldemardum

09 maaie 2020 - 18:08

Mei in sobere betinking is by de Hege Gerzen yn Aldemardum de bemanning fan in yn 1941 yn de Iselmar delstoarte bommewerper betocht. De Britske bommewerper waard delhelle troch in Dútske nachtjager. De seis Poalske bemanningsleden kamen dêrby om it libben. Yn 2016 is it wrak út de mar helle. De rêsten fan twa noch fermiste bemanningsleden binne weromfûn en yn Amsterdam te hôf brocht. It monumint wurdt ûnderhâlden troch de Lemster Seekadetten, dy't it adoptearre ha.

(advertinsje)
(advertinsje)