Mem Grytsje Bakker kin nei wiken har handicapte soan Rindert wer sjen

"Moatst dyn hân efkes foar de kamera weihelje. Oars sjocht mem dy net". Yn de eftertún fan de famylje Bakker yn Dokkum ha heit Anne en mem Grytsje Bakker fia fideobeljen kontakt mei soan Rindert. Rindert hat dei en nacht fersoarging nedich, neidat er as pjut slim siik waard, wikenlang op 'e IC lei en jierren refalidearje moast. "Se seine dat hy in kasplantsje wurde soe, dat is hy beslist net. It is in hele fleurige jonge, we meie ús yn de hannen knipe. Mar we sitte net te wachtsjen op noch sa'n situaasje".
Mem Bakker Sijens handikapte soan Rindert
Ek Rindert begrypt neffens mem hiel goed dat er net siik wurde moat. Mar corona mei om him wol de beam yn. It deiritme en de struktuer is fuortfallen. Ek al is 'Te Plak' yn Damwâld dêr't er no twa jier wennet it bêste plak om te wêzen, fine se. Hy hat der alle romte en der wurdt hiel goed op him past. Der wurde gauris filmkes pleatst op Facebook. Dat moat de sjogger riede watfoar ferske oft Rindert spilet op it keyboard. Want ja, muzykles, deibesteging, wykeins nei heit en mem, it giet allegearre net troch.

De moeting

"Hawwe se dy al ferteld fan fan 'e middei?". Rindert wit wat der barre sil. Yn de tún meie heit en mem nei wiken lang mekoar net sjoen te hawwen delkomme. Mar wol op ôfstân fansels. Hy hat der 'supersin oan' seit er en syn gesicht strielet. "We kinne wol even in bakje kofje drinke ofsa?", freget Rindert ûnder it fideobeljen. "Ha jim der dan wat lekkers by?", freget heit werom.
Entûsjast as Rindert is, freget er ús ek op 'e kofje. Mar der meie hiel begryplik gjin ekstra minsken by wêze, dus se filmje sels hoe't dat giet. Op in bankje leit in kadoke klear. Want ja, it is ek memmedei dit wykein. Rindert hat it sels makke en sjocht grutsk hoe't mem it útpakt. "Oars soe mem dy in dikke tút jaan, mar we dogge it no mar sa", seit Grytsje Bakker en se blaast in tút nei him ta.
Besjoch hjirûnder de moeting:
Ekstra filmke Mem Sijens
"It is sa dûbeld; it wie prachtich om him wer efkes echt te sjen. Mar it bliuwt dreech om karren te meitsjen; kin er no wer nei de deibesteging, 'wurk', sa as se altyd sizze. Wannear is it feilich? Rindert hat no ien kear in fermindere wjerstân." Grytsje heart sels ek ta de risikogroep. Se hat COPD. Se hat der dus gjin inkelde muoite mei om binnen te bliuwen. Dat wol sizze; yn de eftertún.

Net nei de camping

De fakânsje nei Norg hawwe se ek ôfsein. Te risikofol. Je witte net wa't der fan't simmer op e camping komme, wêr't se wei komme en wat se meinimme. As der aanst goeie medisinen binne, dan soe frou Bakker ek wol wer mear doare. En dan doart se Rindert ek wol mear los te litten. No is eltse nije stap dy't je wer sette kinne in drege kar. Efternei witte je oft it de goeie wie. Mar dizze besite sa, dat wie goed. It ljochtpuntsje dat sa nedich wie.
"Sûnens, dat is it alderbelangrykste. As we hjir mei mekoar mar sûn troch hinne komme is dat de grutste beleanning", sa seit Grytsje.