Wer kamerahelmen yn Snitswike

12 jul 2012 - 14:47

It ynsleine paad fan de organisaasje fan de Snitswike sil trochset wurde. Dat hat de organisaasje tongersdeitemiddei bekend makke. Oeral yn Snits komme wer kamera's te hingjen sadat de massa oan besikers better stjoerd wurde kin. De plysje set ek op 'e nij fytsers yn mei kamerahelmen en der ride ek wer ambulânsefytsen om.

Om't de silerij tagelyk mei de Olympyske Spullen plakfynt, sil dêr op it starteilân rekken mei hâlden wurde. Der komme grutte tv-skermen te stean en ek wurdt in Fryslân-Hollân house ynrjochte. Dêr wurde de prizen útrikt.

De 77-ste Snitswike set op freed 4 augustus útein.

Trefwurden: 
Snitswike kamerahelmen
(advertinsje)