Motorrider bedarret mei motor en al yn 'e sleat by Goaiïngea

09 maaie 2020 - 17:08

In motorrider is sneontemiddei by Goaiïngea mei motor en al yn 'e sleat bedarre. Dat barde oan de Midlansdyk. De motorrider soe ferwûne rekke wêze.

Foto: De Vries Media

De helptsjinsten kamen te plak en hawwe de bestjoerder behannele. Dêrnei soe dy oerbrocht wêze nei it sikehûs.

Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik. In bergingsbedriuw hat de motor burgen.

Trefwurden: 
plysje motor Goaiïngea
(advertinsje)
(advertinsje)