Epke Zonderland: "Ik wol nei de Spelen, mar ik gean nearne fan út"

Epke Zonderland giet der net samar fan út dat er takom jier op de Olympyske Spelen stiet. Troch it coronafirus hat er in skoft net traine kinnen en in flinke efterstân oprûn. Mar dat net allinnich: Zonderland ferwachtet ek noch wat fan syn konkurrint Hidetaka Miyachi. Dat is de iennige man dy't him noch fan de Spelen hâlde kin. "Ik wol nei de Spelen, mar ik gean nearne fan út."
Repo Epke Corona
We binne yn de Epke Zonderland Turnhal 2.0. Hoe giet it trainen hjir?
"Bêst genôch, foaral omdat it op koarte termyn regele is. Ik ha genôch ljocht, it is waarm, we ha krekt genôch hichte. It is net sa ideaal as yn de gewoane turnhal, mar foar dizze perioade is it hiel moai dat ik hjir terjochte kin."
Krekt genôch hichte seist, hast it plafond alris rekke?
"Nee, mar ik ha ek net echt myn bêst dien. Mar de earste dagen wie dat wol hiel spannend. Ik ha in heale meter speling, dat is net hiel folle, dus earst wie dat wol efkes útsykjen."
Bliuwst hjir ek trainen?
"Wit ik noch net. It hinget der ek fan ôf hoe't it aanst giet. Ik kin hjir altyd nei ta flechtsje. We moatte fêste tiden oanjaan foar de turnhal. As ik ris in kear net kin of ik kin net yn de turnhal telâne, dan kin ik altyd hjir noch komme. En we moatte fansels ek ôfwachtsje hoe't it komt. De maatregels wurde wol 'fersoepele', dus it bliuwt ûnwis. Mocht der wer in 'terugval' komme of der komt in twadde golf, dan bin ik bliid dat ik hjir gebrûk fan meitsje kin. Mar ik ferwachtsje net dat ik der in soad gebrûk fan meitsje sil. Teminsten, dat hoopje ik foaral."
Hâldst dit foarearst noch wol oan?
"Ja, it is de bedoeling dat hjir in fitnessromte komt, mar salang't dat net mei, wurdt it hjir ek net ferboud en kin ik hjir bliuwe. Dan kin ik de rekstôk ek stean litte."
Hast in grutte trainingsefterstân?
"Ja, bêst wol. Ik ha oardel wike neat dwaan kinnen. Dan bist aardich fuortsakke. It is dochs wol lestich om yn sa'n situaasje wer better te wurden en troch te bouwen. It is hartstikke belangryk it nivo fêst te hâlden, oars sakkest hiel fier werom. It is dan noch mar de fraach: kom ik wol werom op nivo? Ik moat echt noch wol in stap meitsje om op myn nivo werom te kommen. Dat is wol aardich weromsakke."
Dyn konkurrinten sille dochs ek itselde probleem ha. Dy kinne ek minder traine. Hoe slim is dit foar dy dan?
"Dat is dreech om te fergelykjen. De measte konkurrinten binne jonge jonges. Foar harren is it relatyf maklik om it âlde nivo werom te finen en op te bouwen. Dat duorret by my langer. Ik hie einlik wer in momint om nei in wedstriidperioade in trainingsperioade te pakken, om op nivo te kommen. Dy binne foar my hiel seldsum. Ik moat sa lang nei in wedstriid ta wurkje. Dy tiid bin ik dan al kwyt en dy komt ek net werom. Dus it hat wol impact. Foar my is it seker ûngeunstich dat de Spelen in jier útsteld binne. It is net sa fan: ik doch it wol in jier letter. Ik moat dan noch mar sjen hoe't ik der dan foar stean."
Mar dat komt dan foaral troch dyn leeftiid?
"Ik moat flink op de grins sitten gean om op topnivo te kommen. Dat slagget my dan in pear kear yn it jier en dat is net kontinu sa. Dat hat mei myn trainingsyntinsiteit te krijen. Ik gean der net samar fan út dat ik folgjend jier wer op it topnivo bin. Ik bin der no wat weromhâldend yn. Ik wol takom jier op de Spelen stean, mar ik gean nearne fan út, nee."
Dan hast it oer nivo en trainen, mar dan is it ek noch de fraach oftst pleatst bist foar de Spelen. Der is noch ien wrâldbeker te gean yn Doha en hast noch ien konkurrint: de Japanner Hidetaka Miyachi. Skets de situaasje ris.
"Der ha sân fan de acht wrâldbekers west en ik stean earste. Der is noch ien wrâldbeker en dy wurdt wierskynlik ynhelle. Dy lêste wrâldbeker soe earst ôfrûne maart wêze. Myn iennige konkurrint is Miyachi. Dy soe net nei Doha, mar de situaasje is kompleet feroare. Dus ik hâld der sterk rekken mei dat hy wol nei dy lêste wrâldbeker stjoerd wurdt, om dat lêste ticket te bemachtigjen."
Wêrom hâldst der dan rekken mei dat hy no wol nei dy lêste wrâldbeker stjoerd wurdt? Want hy soe net nei Doha gean.
"De reden dat hy fan it Japanske bûn net nei Doha mocht, wie dat hy yn Melbourne (de sechsde wrâldbeker, red.) net in skoare fan neffens my 14,500 helle. Dus wêrom soene se folgjend net wer sa'n limyt stelle? Hy is jong en wurdt allinnich mar better kwa nivo. Dan skat ik de kâns heech yn dat hy hiel goed op dy wedstriid yn Doha stean sil."
Sjoch hjirûnder nei it folsleine ynterview mei Epke Zonderland:
Lang Epke goed
Yn Melbourne foel Miyachi, wêrtroch't hy dy 14,500 net helle. Do giest der fan út dat dy limyt opnij steld wurdt. Dat hy dy limyt dan wol hellet, omdat hy om de limyt te heljen minder risiko hoecht te nimmen. It is wat 'glêzenbolwurk', mar sjochst it sa?
"Ja, it is wat 'glêzenbolwurk', mar de Japanske turners ha ferskate wizen om de Spelen te heljen. It kin mei in worldcupticket, sa't ik it no besykje. Mar der is ek noch in mearkamp-worldcup. En Aziatyske kampioenskippen om mearkamp-tickets te pakken. Op dat momint tochten se: lit dat ticket fan Miyachi mar sitte. Wy rjochtsje ús op dy oare wizen. Dêr ha se miskien bettere kânsen en ha we mear frijheid om te kiezen wa't we nei de Spelen stjoere."
"Mar folgjend jier is de situaasje wer oars, is it nivo fan Miyachi of oare turners wer oars. It kin bêst wêze dat se dan sizze: Miyachi is sa goed, hy kin kampioen wurde, hy moat nei de Spelen. Dan sille se him net samar thúslitte. Op it foarige momint wie de konklúzje fan de Japanners dat Miyachi net goed genôch wie, der binne oaren better. Mar dat kin folgjend jier oars wêze en dêr hâld ik wol rekken mei."
Dat liket my wol lestich. Do moast wol pike. En fit bliuwe. Giest der dan foarearst fan út dat dyn folgjende pykmomint takom jier maart is? Dus maart 2021, as dy lêste wrâldbeker yn Doha is?
"Ik gean der no fan út dat se it presys in jier ferpleatse, ja. Dus folgjend jier maart, dat is no myn rjochtline. It is de bedoeling dat dêr myn pykmomint komt te lizzen."
Dreech.
"It jout al in hiel soad rêst as der in datum komt. Datst in plan meitsje kinst. No is it mar in ynskatting en hâldst der yn dyn holle rekken mei. Mar it soe in soad helpe as ik gau mear wit."