UPDATE: Brân oan de Bleeklaan yn Ljouwert ûnder kontrôle

09 maaie 2020 - 18:01

De brânwacht fan Ljouwert moast sneontemiddei útride foar in brân by in wenning oan de Bleeklaan yn de stêd.

Foto: Kappers Media

Meardere auto's fan de brânwacht waarden oproppen en setten útein mei it bestriden fan it fjoer. Neffens de brânwacht wiene der gjin minsken yn it gebou oanwêzich. Der kaam wol flink wat reek frij by de brân.

Om 18.00 oere hinne wie de brân ûnder kontrôle. Hoefolle skea der krekt is, is net dúdlik.

Besjoch hjirûnder koarte bylden fan de brân:

Trefwurden: 
Ljouwert brânwacht Bleeklaan
(advertinsje)
(advertinsje)