Drokte yn Ljouwerter binnenstêd: 'Kom allinnich as it moat'

09 maaie 2020 - 16:14

It moaie waar hat sneontemiddei in soad minsken nei de Ljouwerter binnenstêd lutsen. Neffens de hanthavening hâldt net elkenien him lykwols oan de oardel meter ôfstân.

De gemeente en de hanthavening freegje minsken derom allinnich nei de binnenstêd te kommen as it echt needsaaklik is. Oft de plysje ek al boeten útdield hat, is net dúdlik. In auto mei in megafoan is troch de Prinsetún riden om minsken op te roppen ôfstân te hâlden.

Drokte yn de Ljouwerter binnenstêd sneontemiddei - Foto: Luna Stadhouder
(advertinsje)
(advertinsje)