Biolooch Piersma: "Goed greidefûgelbehear sels net geunstich genôch foar skries"

Sels yn de Skriezekrite Idzegea, dêr't de omstannichheden foar de fûgels optimaal binne, giet it net goed mei de skries. Dat docht bliken út jierren fan ûndersyk nei ús nasjonale fûgel, ûnder lieding fan de Fryske biolooch en heechlearaar Theunis Piersma. De resultaten binne dizze wike presintearre yn it rapport Gruttomonitor 2012-2019.
skries
Yn de Skriezekrite Idzegea yn Súdwest-Fryslân is der troch boeren en greidefûgelbeskermers fan alles dien om it de skriezen nei it sin te meitsjen. Sa is der lang en koart gers, wurdt it meanen útsteld, binne der in soad blommen yn de greiden en is it wetterpeil heech. Mar al dizze maatregels binne noch net genôch foar it fuortbestean fan de fûgels.
"Sels yn gebieten dêr't minsken grutte ynset leverje om skriezen te behâlden, oerlibje te min piken. Se wurde opiten of kinne domwei net genôch ynsekten fine om grut te wurden", seit Piersma. "De gebieten binne te lyts en de grinsoerskridende effekten fan gongbere lânbou te grut."

Mear rôfbisten

Neffens it ûndersyk briede der wol foldwaande skriezen yn it gebiet, mar gean der neist de piken ek in soad folwoeksen skriezen dea. "Benammen nei 2014, in jier mei in hiel soad fjildmûzen en dy ha soarge foar mear rôfbisten", seit Piersma.

Maatregels lânbou

De biolooch fynt dat it roer om moat yn de lânbou. Hy pleitet foar ûnder oare minder keunstdong, krêftfoer en bestridingsmiddels. "Oant it safier is, moatte we ynsette op grutskalige gebieten dêr't it behear folslein ôfstimd is op greidefûgels, om fan dêrút de rest fan it lân werom te krijen foardat we alle skriezen kwyt binne."
Biolooch Theunis Piersma oer de skries
© Omrop Fryslân, Remco de Vries