'Drijf-langs BBQ' foar boatsjeminsken by Akkrum

09 maaie 2020 - 14:00

De koers ferlizze, dat jildt yn dizze coronatiid ek foar De Vooruitgang yn Akkrum. It skip dat oars as driuwend fergadersintrum tsjinnet, moat no oare plannen betinke om ynkomsten te generearjen. Dêrby ûntstie it idee fan in 'drijf-langs barbecue', en dat bart dit hiele wykein as proef, op it wetter yn de omkriten fan Akkrum.

De menukaart fan de Vooruitgang - Foto: www.vofdevooruitgang.nl

"Je hebt heel veel drive-ins en rij-langs, maar er waren nog geen vaar-langs. Toen dachten we hoe kunnen we nou laten zien dat we er nog zijn, want we mogen geen vergaderingen doen, we mogen geen gasten aan boord hebben. Hoe gaan we ervoor zorgen dat we een beetje in de picture blijven? Toen hebben we dit bedacht. Een ludiek idee om te laten zien dat je op anderhalve meter best wel veel kan doen", seit Susan Janssen fan De Vooruitgang.

Menukaart oan in angel

De boatsjeminsken dy't lâns farre krije mei in angel in menukaart. "We hebben geen uitgebreide menukaart. We hebben een soepje, een broodje, een salade en een borrelplank", seit Janssen. "Dan doe je je bestelling en dan vaar je nog even een stukje om onze boot heen. Dan ga ik naar je zwaaien als het klaar is en dan kun je het vanuit het gangboord pakken. Betalen doen we via een Tikkie of via de klomp."

Oft it in sukses wurdt is noch ôfwachtsje, mar de earste bestelling is yn elk gefal al binnen. "En het is gelijk een grote", sa seit Janssen.

Susan Janssen fan De Vooruitgang oer de 'drijf-langs barbecue'

(advertinsje)
(advertinsje)