Westra en Mollema ôfstapt

12 jul 2012 - 14:40

Lieuwe Westra fan De Tynje is ôfstapt yn de Tour de France. Westra fielde him de lêste dagen al net geweldich nei trije falpartijen. Yn de etappe fan tongersdei mei trije grutte bergen koe Westra it net mear byfietse.

Ek Ljouwerter Bauke Mollema hat der de brui oan jûn. Hy hat tefolle lêst fan syn ferwûnings út in eardere falpartij.

(advertinsje)