Boeten foar feestfierend kwartet yn Ljouwert

09 maaie 2020 - 12:44

De plysje fan Ljouwert hat freedtejûn boeten útdield oan fjouwer minsken dy't oan it feestfieren wiene en har dêrmei net oan de coronamaatregels holden.

Foto: Plysje

It kwartet wie op in feest yn in hûs oan de Carel van Manderstrjitte. Doe't de plysje dêr oankaam, nei in melding oer in feest mei in soad besikers, flechte in tal minsken fia in rút út de wenning.

Twa froulju út Ljouwert fan 27 en 34 jier binne op de bon slingere en ek in 23-jierrige frou út Frjentsjer en in 24-jierrige man út Berltsum krigen proses-ferbaal.

(advertinsje)
(advertinsje)