Motorrider en automobilist ride 180 kilometer yn 'e oere op N355

09 maaie 2020 - 10:48

De plysje hat freed it rydbewiis fan twa manlju út Ljouwert ôfnaam. De mannen fan 24 en 25 jier rieden mei in gemiddelde snelheid fan 180 kilometer yn 'e oere oer de N355 rjochting Hurdegaryp.

Foto: ANP

De manlju rieden mei in motor en in auto efterinoar oan, doe't de plysje se trappearre.

Trefwurden: 
plysje N355 hurdriders
(advertinsje)
(advertinsje)