Omrop TIP: De fuotballerkes út Amsterdam by Fryslân DOK

VV Heerenveen joech yn it lêste oarlochsjier in thús oan jonge fuotballerkes út Amsterdam. By gastfamyljes op It Hearrenfean en yn Oranjewâld - ûnder oare by Abe Lenstra en syn frou - oerlibben se de Hongerwinter. Yn de Fryslân DOK 'Een prachtige daad' fertelle de Amsterdamske jonges fan doe oer dy tiid.
Yn de oarlochsjierren waard der noch fuotballe yn Nederlân, mar yn de simmer fan 1944 kaam dêr in ein oan. It suden fan ús lân wie befrijd, it Noarden noch beset en dêr waard fochten. Amsterdam rekke isolearre fan de bûtenwrâld en der wie in grut tekoart oan iten.
VV Heerenveen hie kunde oan de fuotbalklups Ajax, DWS, Blauw Wit en De Volewijckers yn Amsterdam. It bestjoer naam it beslút om jonge fuotballers nei Fryslân te heljen. Dy Hongerwinter fan '44-'45 wennen 86 jonges by gastfamyljes op It Hearrenfean en yn Oranjewâld.
VV Heerenveen mei DWS © Museum Heerenveen
De jonges hiene it goed yn Fryslân en, wat se sels ek hiel belangryk fûnen, se hoegden meastal net nei skoalle ta én se koene trochgean mei fuotbaljen. Yn de simmer fan 1945 kearden se sûn werom nei Amsterdam.
It bestjoer fan DWS skreau: "Beste mensen uit Heerenveen, jullie hebt prachtig werk gedaan. Niet medelijdend hoofdschuddend 'gekletst' over die arme Amsterdammertjes, maar jullie hebt iets gedaan, waarvoor wij jullie ten hoogste dankbaar zijn."
Bestjoer VV Heerenveen © Museum Heerenveen
Oant de dei fan hjoed wurdt der mei waarmte weromtocht oan dizze 'prachtige daad'. Foar in soad jonges wie dizze perioade fan grutte ynfloed op harren lettere libben, sa fertelle se yn de dokumintêre.
'Een prachtige daad' (2019) is makke troch Vanessa de Gaay Fortman en Pim van Bezooijen, yn opdracht fan Ajax Erfgoed. Sa wol Ajax tank sizze oan SC Heerenveen foar de ûnferjitlike died en de gastfrijheid fan 75 jier lyn, yn it jier dat de Hearrenfeanske klup 100 jier bestiet.
Han Grijzenhout, fuotballer by DWS © Omrop Fryslân
De film is earder fertoand yn de Johan Cruijff Arena en yn it Abe Lenstra Stadion en op 14 april yn syn gehiel by Omrop Fryslân. Yn Fryslân DOK is dit wykein de koartere edysje te sjen by NPO2 en by Omrop Fryslân.
Befrijdingsoptocht It Hearrenfean © Museum Heerenveen
Utstjoering Fryslân DOK 'Een prachtige daad'