Danny Noppert komt ien leg tekoart foar twadde faze PDC Home Tour

09 maaie 2020 - 09:25

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat him freedtejûn net pleatst foar de twadde faze fan de PDC Home Tour. De darter wûn twa fan syn trije groepswedstriden, mar kaam úteinlik ien leg tekoart.

Foto: Orange Pictures

Yn syn earste wedstriid wie Noppert mei 5-4 te sterk foar de Ingelskman James Wilson, de nûmer 39 fan de wrâld. De Jouster ferlear syn twadde wedstriid lykwols fan de Ingelskman Ian White, de nûmer tsien fan de wrâld.

Favoryt White ferslokte him lykwols yn de Spanjert Jesús Noguera (nr. 130) mei 5-3. Hjirtroch hie Noppert yn syn lêste wedstriid oan in 5-0 of 5-1 oerwinning tsjin dyselde Noguera genôch om him te pleatsen foar de twadde faze. Dit slagge lykwols net. Noppert kaam noch wol 3-1 foar, mar doe koe Noguera him brekke ta 3-2. De oerwinning gie úteinlik wol mei 5-2 nei Noppert.

By de PDC Home Tour komme eltse jûn fjouwer profs yn aksje yn in groepsfaze. Sy nimme it tsjin elkoar op en de winners fan elke jûn komme elkoar oan de ein fan it toernoai wer tsjin.

De darters spylje harren wedstriden thús. Sy moatte dêrfoar in kamera op it dartboerd rjochtsje, soargje foar goeie ferljochting en in kreas dartboerd. Troch yn te beljen op spesjale software, komme se yn kontakt mei harren tsjinstanners.

(advertinsje)
(advertinsje)