Hoe is it as mbû-studint om dyn staazje kwyt te reitsjen troch corona?

09 maaie 2020 - 09:19

Studint Brett Minnema hie in geweldige staazje fûn by hotel en grand kafee Post-Plaza yn Ljouwert. Mar troch de coronakrisis is hy dy staazje no kwyt. En dêrtroch rint er grutte fertraging op yn syn hoareka-oplieding oan it Friesland College. Brett hat dêr begryp foar, mar fynt de ûnwissens wol ferfelend.

Hotel en Grand Kafee Post-Plaza - Foto: Wikimedia Commons

"Ik liep al stage bij Post-Plaza sinds november en dat zou tot midden, eind juni duren. Ik werkte daar in de keuken", fertelt Brett. "Ik hoorde aan het begin van de coronacrisis dat stage en school niet doorgingen. Van de stage vind ik het erg jammer, omdat ik het naar m'n zin heb op stage en ik veel dingen leer. Wat het betekent voor mij dat het niet meer doorgaat, is dat ik technieken die ik leerde en opdrachten die ik op mijn stage deed niet meer kan doen en daardoor dus achterloop."

Troch nei it nije jier?

Ek wit er noch net hoe't it fierder mei skoalle komt en oft er wol trochgean mei nei it folgende jier. Oant no ta liket alle oandacht út te gean nei de minsken dy't ôfstudearje moatte. "Je ziet dat er veel aandacht wordt geschonken aan de stages voor het examenjaar. Ik weet nog vrij weinig over wat er met onze stage gaat gebeuren en over hoe het met school gaat komen. Over wat ze gaan doen met de overgang bijvoorbeeld", seit er.

Unwissens

It minste fynt Brett de ûnwissens. "Je weet eigenlijk niet wanneer er iets duidelijk wordt, dus het kan nog heel lang duren voor je echt zekerheid hebt. Dat is echt wel een nadeel." Dochs tinkt hy net dat dit de genedeklap foar de hoareka is. "Ik zie zeker wel toekomst voor de horeca, alleen is het afwachten wanneer wat van start kan gaan in deze tijd. We gaan het meemaken. Ik maak me wel zorgen over de kleine horecabedrijven, omdat zij nog opstarten. Een groot bedrijf heeft vaak ook meer geld."

Aldergeloks is Brett net allinne dwaande yn de hoareka, mar is hy ek keeper by Cambuur. "Ik denk zeker dat ik ook een toekomst bij Cambuur heb."

Brett Minnema oer syn staazje

(advertinsje)
(advertinsje)