Metamorfoaze foar heechste dún fan it Waad: "Straks de vuurtoren aanraken"

09 maaie 2020 - 08:41

De ferâldere ynrjochting fan it heechste dún fan it Waadgebiet wurdt op it stuit yngreven oanpakt. It Vuurboetsduin op Flylân ûndergiet in metamorfoaze, dêr't se al in hiel ein mei op streek binne.

Der binne nije bankjes kaam, guon tagongspaden hawwe of krije houten treppen, âlde paden binne weromjûn oan de natuer en nijen binnen oanlein. Der komme ek nije stekken. It oerflak dêr't minsken komme kinne, is itselde bleaun. Boskwachter Bertwin Bergman fan Staatsbosbeheer: "Het is gewoon beter ingericht, waardoor mensen er op een goede manier van kunnen genieten. Het beeld past ook beter bij het duin en deze omgeving."

Fjoertoer

En je kinne aanst ek echt by de fjoertoer komme, sa seit Bergman. "Volgens mij kan je op zo'n beetje elk eiland bij de vuurtoren komen en zelfs aanraken. Op Vlieland staat daar deels een hek omheen. Dat gaat veranderen aan de voorzijde van de vuurtoren, waar de deuren zitten. Daar wordt een pleintje gemaakt en er komen trappen naartoe, zodat je ook echt voor de vuurtoren kan staan."

Oan wat je dêr sjogge, is net it measte feroare. Al binne der al wat beammen fuorthelle. Dat is better foar de dúnnatuer en it útsjoch. Oer in pear wiken moat it wurk dien wêze.

Bertwin Bergman, boskwachter by Staatsbosbeheer

(advertinsje)
(advertinsje)