Kollum: "Opmerklik, gjin Opmerkelijk!"

09 maaie 2020 - 08:20

"De lêste tiid ha ik djipgeand ûndersyk dien nei it brûken fan Teletekst. Ik ha goed om my hinne sjoen by eveneminten, doe't dy noch tastien wienen. It foel my op dat in soad minsken de app fan Teletekst op harren telefoan ha. Ik ek, want it is in tige betroubere boarne fan nijs.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

As je wat om je hinne freegje, binne in oantal siden tige populêr, 818 is dêr ien fan. De útslaggen fan de earedifyzje. Foar de stân tikje jo 819 yn. Minsken dogge dat massaal, sa docht bliken. Foar it waar moatte jo op 703 en 704 wêze, mar jo kinne ek op it blauwe knopke drukke. Foar in hiele soad harkers fan de Omrop sil dit bekende kost wêze.

Fansels binne der legio nijerwetske apps dêr't je al dizze ynformaasje ek op fine, mar yn tsjinstelling ta in soad oare lannen is de Nederlanner wiis mei syn Teletekst. Wy binne echte keppelbisten as it krisis is. We ride braaf 100, bliuwe foar it grutste part binnen as ús dat frege wurdt en we binne och sa ienriedich.

It binne nuvere tiden dêr't we yn libje. Opmerklik, sa kinne jo it ek neame. En dat is no krekt ien fan de meast besochte siden fan Teletekst. Side 401 is der foar it nijs dat eins gjin nijs is.

In pear foarbylden: In hûn dy't syn baaske troch de poat sjit mei in jachtgewear. In autobestjoerder dy't nei oardel kilometer syn nije wein yn de prak jaget. In man fan 80 dy't nei 50 jier syn trouring werom fynt yn de stoartbak fan de wc, omdat syn eks dy dêr yn in lilke bui ynsmiten hie. In flesse mei in âlde leafdesbrief fan 40 jier lyn dy't oanspielt op Spitsbergen.

It nijs dat net wichtich is, mar dêr't je even om laitsje kinne of ferwûndere om skodholje. Side 401 fan Teletekst is even de boel de boel litte, om it samar te sizzen. Dat liket tige geskikt foar de tiid dêr't we yn libje, even de sinnen fersette, even út de sleur dêr't guon minsken al wiken yn sitte. Mar de NOS tinkt dêr oars oer. As je no side 401 oanklikke, binne der gjin aardige nijsberjochten, allinnich de tekst: Even geen Opmerkelijk deze periode.

Dat is tige spitich. Want krekt no wolle de minsken ek wolris wat oars hearre as alle dagen treurich nijs oer wat ús oerkomt. Dat no krekt de redaksje fan de NOS der foar kiest om dat net te dwaan, fernuveret my. Je kinne prima de serieuze nijsbringer wêze wolle mei al dy siden fol mei de meast útienrinnende saken oer de krisis, mar lit ek de mooglikheid iepen om even wat oars oan te bieden.

Of soe der no hielendal neat gjin opmerkliks mear barre? Dat liket my sterk. Hjirby dus de oprop oan de NOS om hiel rap Teletekstside 401 wer fol mei fleurige, nuveraardige en gekke berjochten te skriuwen. Wy ha der slim ferlet fan yn in jubileumjier sûnder skûtsjesilen."

(advertinsje)
(advertinsje)