Coronaproof-speurtocht foar bern yn Drachten

08 maaie 2020 - 20:27

Se sette sa'n hûndert húshâldingen op in dei oan it wurk: twa froulju út Drachten hawwe yn gearwurking mei in tal ûndernimmers in speurtocht troch it Drachtster sintrum organisearre. Coronaproof. De gemeente sjocht it neffens de froulju net as evenemint en dus kinne de bern speure.

Se kenne inoar fan it skoalplein en doe't se tee mei-inoar dronken, kaam it idee foar de speurtocht spontaan opsetten. Se woene wat dwaan foar de bern en harren âlden, no't it fakânsje is. Om't se it wol feilich dwaan woene, hawwe se kontakt socht mei de gemeente. Yn oparbeidzjen mei gemeente Smellingerlân hawwe se de plannen fierder útwurke.

Femke Huitema en Marian Poort organisearje de speurtocht - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

By de bakker krije de bern en harren âlden in taske mei deryn wat lekkers en de opdrachten. Sa moatte se op harte-jacht. Yn 10 etalaazjes hinget in ôfbylding fan in hart, dy't se fine moatte. De plaatsjes binne fan bûten ôf te sjen, sa't se de winkels net yn hoege. Der is ek in foto-opdracht.

Op speurtochtdrachten.nl is te sjen oft der noch taskes mei opdrachten beskikber binne. Oan de ein fan de speurtocht krije de bern in 'goodiebag' mei presintsjes fan lokale ûndernimmers.

(advertinsje)
(advertinsje)