Plysje fynt himpkwekerij op souder fan skuorre yn gemeente Waadhoeke

De plysje hat tongersdei yn de gemeente Waadhoeke in himpkwekerij oantroffen op de souder fan in skuorre. Der waarden hast sechstich himpplanten oantroffen.
© Pixabay
De kwekerij wie sa ynrjochte dat it in brângefaarlike situaasje opsmiet.
De plysje hat in fertochte oanholden. Hy sil noch ferheard wurde. De himpplanten binne yn beslach naam.