Measte bewenners azc Snits hawwe mylde klachten: "Grip op de uitbraak"

08 maaie 2020 - 21:01

"De meeste inwoners van het azc in Sneek hebben milde klachten. Ze maken het relatief goed, en sommige mensen hebben helemaal geen klachten." Dat sei lokaasjemanager Benny Schonewille fan it asylsikerssintrum freedtemiddei op de parsekonferinsje fan de Feilichheidsregio oer de corona-útbraak. Der binne 22 minsken posityf test, en dat oantal rint nei alle gedachten fierder op.

Besjoch hjirûnder bylden fan de parsekonferinsje:

In skoftke lyn waard ien fan bewenners fan it azc yn Snits posityf test op it coronafirus. Doe't GGD Fryslân dêrnei mear minsken teste, die bliken dat folle mear minsken besmet wiene. Der binne yn totaal hûndert minsken test; fan har wiene der dus 22 posityf.

Previntive karantêne

"Het azc in Sneek gaat daarom 72 uur preventief in quarantaine", seit Schonewille. "In samenspraak met de GGD, de Veiligheidsregio en de gemeente is besloten tot de preventieve quarantaine, om een goed beeld te krijgen van de situatie."

Dat betsjut dat de bewenners trije dagen lang binnen bliuwe moatte. Elkenien sil test wurde, ek it personiel. Dat mei wol nei binnen en nei bûten. "Dat wordt wel een uitdaging", neffens de lokaasjemanager, "vooral voor de bewoners".

"Grip op de uitbraak"

Allinne op dizze wize kin de útbraak ûnder kontrôle hâlden wurde, seit ek direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. "Met deze maatregel denken wij grip te hebben op deze uitbraak. Deze drie dagen zijn genoeg om ons de ruimte te geven om iedereen te testen. Waarschijnlijk zijn nog veel meer mensen besmet met het virus."

Boargemaster Jannewietske de Vries is benammen wiis dat der sa rap hannele is troch it COA, GGD Fryslân en de Feilichheidsregio. "It is ek goed dat de GGD it nije testbelied fuort ynfierd hat."

Wol realisearret se har dat der in soad frege wurdt fan de bewenners. "Sy moatte binnen bliuwe, en dat is fansels freech. Wy freegje in soad fan harren, mar ik tink dat it wol moat."

Trefwurden: 
Snits AZC coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)