Ek op de boaten fan Wagenborg en Doeksen moatte reizgers mûlkapkes op

08 maaie 2020 - 17:24

Reizgers op de fearboaten fan rederij Wagenborg en rederij Doeksen en it personiel fan de rederij moatte fan 1 juny ôf ferplichte in mûlkapke op hawwe op de boaten nei de Waadeilannen. It jildt ek foar alle terreinen en gebouwen fan de rederijen. Neffens Wagenborg is in mûlkapke fan 'tafoege wearde', as it net mooglik is om oardel meter ôfstân te hâlden.

Wagenborg - Foto: Shutterstock.com (David Peperkamp)

Reizgers binne sels ferantwurdlik foar it keapjen of meitsjen fan in mûlkapke, lykas yn it oare iepenbier ferfier. "Wij zijn wel bezig om te zorgen dat mensen die niet in het bezit zijn van een mondkapje, dat bij ons kunnen aanschaffen", seit direkteur Ger van Langen fan Wagenborg. "Geen mondkapje, geen overtocht."

Wagenborg begjint op 1 juny wer mei de gewoane tsjinstregeling tusken Holwert en It Amelân. Dy nei Skiermûntseach bliuwt neffens de basisregeling. As it nedich is kin Wagenborg ekstra ôffearten ynsette. Hoe't it mei de sneltsjinst tusken Lauwerseach en Skiermûntseach komt, is noch net dúdlik. Dat jildt ek foar de wettertaksys.

Kaarten allinne by terminal

Foar de boaten jildt ek dat de kapasiteit werombrocht is nei 40 persint. Dêrom binne kaarten foar persoanen, fytsen en motoaren tydlik allinne te krijen by de terminal, foar de reis.

Ger van Langen, direkteur fan Wagenborg

(advertinsje)
(advertinsje)