Kaartsjes Slachtemaraton dochs net jildich foar 2021

08 maaie 2020 - 17:08

Kaartsjes fan de Slachtemaraton 2020 binne takom jier dochs net jildich. Doe't de Slachtemaraton fan dit jier skrast waard, sei de organisaasje noch dat dielnimmers harren kaartsje yn 2021 op 'e nij brûke koene. Dêr komme se no op werom.

Slachtemarathon - Foto: Omrop Fryslân

De coronakrisis en de maatregels dy't dêrby hearre, meitsje it foar de organisaasje ûnwis oft it wol slagget om yn 2021 in Slachtemaraton te organisearjen. Neffens de organisaasje wit nimmen no noch hoe't de situaasje der oer in pear moanne of in healjier hinne leit.

Dêrom is besletten de Slachtemaraton 2020 folslein ôf te wikkeljen en dan mei in skjin laai oan de nije Slachtemaraton te begjinnen. It beslút jout de doarpen, de sponsoaren en de organisaasje de romte om de Slachtemaraton wer op te pakken op it momint dat it ferantwurde is om dat te dwaan en it wer folslein kin.

Helte fan it bedrach

No't de kaarten fan 2020 takom jier net mear jildich binne, wol de organisaasje besykje in sa grut mooglik part fan it bedrach oan de dielnimmers werom te jaan. Om't der kosten makke binne, krije minsken de helte fan it bedrach werom. It giet dan om 17,50 euro de kaart. It folsleine bedrach werombetelje slagget net, dêr binne de finansjele reserves fan de Slachtemaraton net grut genôch foar.

Anne Jochum de Vries fan de organisaasje

Trefwurden: 
Slachtemaraton coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)