PODCAST: 'De houtsnijer fan Boalsert'

08 maaie 2020 - 17:00

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze sechtjinde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'De hotusnijer fan Boalsert'.

Utstjoering 16: De houtsnijer fan Boalsert

De Grutte Martinitsjerke fan Boalsert moast by de bou yn de 15e iuw prachtich houtsnijwurk krije, fûn it tsjerkebestjoer. No wenne der in baas houtsnijer yn Boalsert: Rommert. Rommert krige de opdracht en gie oan de gong. Hy sketste en tekene mar it woe net slagje. Hy krige net de goeie ynspiraasje. Op in dei stie der ynienen in frjemdling by him yn de wurkpleats. De frjemdling oerlange him prachtige tekeningen mei fersieringen foar houtsnijwurk. Hy moast der wol wat foar werom jaan: Alles wat er yn it kommende jier krije soe, moast er ôfstean oan de frjemdling. Rommert hie der gjin muoite mei om dêr ja op te sizzen, want hy ferwachte net dat er wat kostbers krije soe it kommende jier. Oant syn frou Hinke him fertelt dat se in bern ferwachtet....

Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify.

Sjoch foar mear ynformaasje en alle oare ôfleveringen fan Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.

(advertinsje)
(advertinsje)