Corona-útbraak yn azc Snits: 22 minsken besmet

08 maaie 2020 - 16:59

Yn it azc yn Snits binne 22 minsken besmet mei it coronafirus. Begjin dizze wike waard al dúdlik dat der ien besmetting fêststeld wie. De GGD hat doe besletten om wiidweidich testen oan te bieden oan it asylsikerssintrum.

Besjoch hjirûnder bylden fan de parsekonferinsje:

Der binne yn totaal hûndert minsken test; fan har binne 22 minsken besmet. Der wenje yn totaal sa'n fiifhûndert minsken yn it azc. De GGD tinkt dat noch mear minsken siik binne.

Safolle mooglik ôfsletten

It terrein wurdt no safolle mooglik ôfsletten; it azc giet 72 oeren lang yn karantêne. De besmettingen binne fêststeld by de bewenners fan it asylsikerssintrum, net by it personiel.

Fan de sike bewenners hoecht net ien opnommen te wurden yn it sikehûs. Besmette bewenners moatte op har eigen keamer bliuwe. It gebou lient him net foar in aparte ôfsletten ôfdieling. Neffens in wurdfierder fan de Feilichheidsregio wenje der gjin âlderen yn it azc dy't hearre by de kwetsbere groep.

Trefwurden: 
Snits AZC coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)