Undersyk: Grut omsetferlies yn Fryske toeristyske sektor

De toeristyske sektor yn Fryslân rint op syn minst in tredde part fan de omset mis troch de coronakrisis. En de skea rint noch mear op as de sektor ek de kommende wiken noch net folle mei. Dit docht bliken út ûndersyk ûnder hast 400 toeristyske ûndernimmers, fan hegeskoalle NHL Stenden yn opdracht fan de Toerisme Alliantie Friesland.
Toerisme Alliantie Fryslân (TAF) © Toerisme Alliantie Fryslân | Shutterstock.com (Worldpics)
De maatregels fan de oerheid om de ekonomyske skea te kompensearjen meitsje net folle goed, seit de sektor. Net allinne toeristyske bedriuwen sels hawwe bot te lijen fan de coronakrisis, dat jildt ek foar bedriuwen dy't der mei anneks binne: lykas leveransiers en de bou- en ûnderhâldssektor.

Ferlies omset 35 persint

As de regelingen en maatregels oant 11 maaie sa bliuwe, soe it ferlies oan omset minimaal 35 persint wêze. Dat sil oprinne as de maatregels langer duorje sille. Neffens TAF-direkteur Gerard Kremer is it hurd nedich dat der mear stipe komt fan it Ryk. Der wurdt al wol gearwurke tusken de rekreaasje- en toerismesektor en de provinsje.
De Toerisme Alliantie Friesland (TAF) hat opdracht jûn foar it ûndersyk, dat dien is troch it European Tourism Futures Institute (ETFI) fan NHL Stenden.