4 op de 10 sportferieningen benaud foar ferlies fan leden en frijwilligers troch coronakrisis

08 maaie 2020 - 16:36

Sportferieningen yn Nederlân meitsje har grutte soargen oer de takomst. Se binne benaud leden en frijwilligers te ferliezen as gefolch fan de coronakrisis. Ien op de tsien ferieningen tinkt sels dat se troch de sluting fan sportakkommodaasjes oant de simmer it net oerlibje. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Mulier Instituut. Dy hat yn opdracht fan ûnder oare NOC*NSF útsocht wat de gefolgen fan alle beheiningen binne foar de ferieningen.

Foto: Omrop Fryslan

As de krisis langer oanhâldt, dus as ferieningen oant fier nei de simmer ticht bliuwe moatte, tinkt 40 persint dat se troch it ferlies oan ynkomsten it net langer folhâlde kinne en ferdwine sille. Sport Fryslân fynt de sifers werkenber. Direkteur Anne Jochum de Vries is benaud dat it konsekwinsjes hat foar doarpen: "As in feriening yn in doarp de holle net boppe wetter hâlde kin, hat dat fuort konsekwinsjes foar ek de leefberens. We roppe minsken dan ek op om foaral net it lidmaatskip op te sizzen. Want as in feriening omfalt is der net fuort wer ien."

Ympekt noch net te oersjen

De ferieningen jouwe yn it ûndersyk oan de folsleine ympekt fan de krisis noch net oersjen te kinnen. Al ferwachtsje se as de sluting oant 1 july duorret 28 persint oan ynkomsten te ferliezen. De ynkomsten fan ferieningen binne hast opdrûge. By grutte klups smyt de kantine 30 persint fan it budzjet op, de sponsoren en de kontribúsje ek. Mar sponsorkontrakten steane ûnder druk en kantinen binne ticht. In fûns fan de oerheid moat de ferieningen helpe om te oerlibjen mar dat is neffens De Vries net genôch: "Der sitte in soad betingsten oan dat fûns. In part giet nei ferieningen mei in eigen lokaasje en gebou, de rest nei gemeenten. Dy kinne dêrfan de hier fan de sportferieningen frijskatte. Mar dan bin je der noch lang net.

Sport Fryslân tinkt dan ek nei om by de provinsje oan te trúnjen op in eigen fûns. Dat moat it rike ferieningslibben yn stân hâlde, sa seit De Vries. "It giet ús dan just om de ynkomsten dy't ferieningen no misse. De omset út de kantine en de sponsoaren. Dêr wolle we sjen oft de provinsje miskien wat dwaan kin."

It ûndersyk fan it Mulier Instituut slút posityf ôf. Twa tredde fan de ferieningen tinkt dat se fertrouwen ha yn de takomst en sels de krisis te boppe komme te kinnen.

Direkteur Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)