Part fan de leararen wol net foar de klasse: sy hearre by de risikogroep

08 maaie 2020 - 16:14

In lyts persintaazje fan de Fryske basisskoalle-leararen giet nije wike moandei dochs net foar de klasse stean. It giet om tusken de fiif en tsien persint fan alle masters en juffen. Dat docht bliken út in stekproef fan Omrop Fryslân by de Fryske skoallekoepels. Lanlik leit dat persintaazje op sân persint.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"As je nei it totaal fan it tal masters en juffen yn Fryslân sjogge, klinkt it bêst as in soad", seit ferslachjouwer Wytse Vellinga, spesjalist ûnderwiis by Omrop Fryslân."Mar as je it op skoalnivo besjogge, dan giet it op ien skoalle faak om 1 of 2 masters of juffen."

Ek op lanlik nivo is ûndersocht wat it fersom is. Neffens ûndersyksburo Duo sil de kommende tiid sân persint net foar de klasse stean. Lanlik giet it dan om in pear tûzen leararen. "Uteinlik fyn ik it net in hiel soad" seit Vellinga. "Foar de measte skoallen is dat op te fangen."

Risikogroep

De measte learkrêften steane dan wol net foar de klasse, sy sille wol oar wurk foar de skoalle oppakke. It personiel dat kontakt mei de bern mije sil, docht dat om't se thús famylje hawwe dy't yn de risikogroep sit. Oare learkrêften sitte sels yn de risikogroep.

Mar de measte learkrêften yn de risikogroep gean faak noch wol oan 'e slach. Ien fan harren is beukerjuf Gerry Dijkstra fan de Plataanskoalle yn Ljouwert. "Ik bin wat âlder, mar sa fiel ik it sels net, dus dêr hâld ik ek rekken mei", seit Dijktsra. "Mar oan 'e oare kant tink ik: as ik it net besykje en der bart neat, dan misse je ek wer wat, want it wurk is gewoan fierstente leuk om te dwaan."

Pinksterwykein

De measte skoalkoepels yn Fryslân sizze sy dat se it fersom goed opfange kinne. Wat foardielich is, is dat de measte skoalbern faak om de dei nei skoalle gean. Dêrtroch kinne de koepels it wurk better ferdiele. Mar sette de skoallen nei it pinksterwykein wer folslein útein, dan sil de útfal wol problematysker wurde, seit Vellinga.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga, spesjalist ûnderwiis by Omrop Fryslân, oer de skoallen

(advertinsje)
(advertinsje)