Freedsmerk oer fakânsje: "Dat wurdt 'm no earst efkes net"

08 maaie 2020 - 16:06

Hagelwite strannen en wapperjende palmbeammen moatte foarearst noch efkes wachtsje. De besikers fan de Ljouwerter freedsmerk fertelle dat se it no tichter by hús sykje: "Ús tún is grut genôch, dus wy fermeitsje ús wol".

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Fan de Moezel oant in reis nei Marrakesh: ek op de Ljouwerter freedsmerk hiene de besikers al aventoerlike plannen klear foar harren fakânsje. "Ik soe op echte 50+ fakânsje nei de Moezel", seit ien fan 'e besikers laitsjend. Dat wurdt 'm no earst efkes net. "Mar ús tún is grut genôch, dus wy fermeitsje ús wol."

Repatriearringsflecht

Guon minsken hawwe al in hiel aventoer efter de rêge, bygelyks it stel dat oan it begjin fan 'e coronakrisis noch yn Portugal oerwintere, lykas elk jier. "Toen we terug wilden kon het niet meer. Uiteindelijk zijn we via Buitenlandse Zaken met een repatriëringsvlucht teruggekomen", seit in besiker fan de freedsmerk. Bliuwt hy foarearst yn eigen lân, ek nei't de coronakrisis foarby is? Dêr sille hy en de frou fan it stel noch krekt wat mear as oars oer neitinke.

Hoechst ek hielendal net sa faak op fakânsje, fine guon besikers. Mar ien fan harren tinkt dat it toerisme aanst hielendal wer op gong komt. "Ik tink dat as straks elkenien yninte is - as se dat wolle, teminsten- dan gean we wer. Dat is minske eigen."

Waadeilannen

Earst noch mar efkes thús de tiid útsitte, of op syn heechst earne oars yn Nederlân. Thús yn in boatsje op de feart, of fakânsje fiere op de Waadeilannen: wylder wurdt it foarearst net. "Het geld wordt nu besteed in Nederland", seit ien fan de besikers.

Freedsmerk oer fakânsje

08 maaie 2020 - 16:06