Ielstichting Dupan set wer hûnderttûzenen glêsieltsjes út yn Fryslân

De ielstichting Dupan (Duurzame Paling Nederland) sil takom wike wer hûnderttûzenen glêsieltsjes útsette yn Fryslân. De jonge ieltsjes wurde tiidsei by fisker Ale de Jager yn Reduzum ferdield, sa't ferskate beropsfiskers de jonge ieltsjes wer útsette kinne. Dat wurdt dien om't de Nederlânske kusten net goed te berikken binne foar de ieltsjes.
Glêsieltsjes © Wikimedia Commons
Yn Fryslân, Súd-Hollân en Seelân wurde dizze moanne yn totaal 550.000 glêsieltsjes útset. It projekt wurdt mei mooglik makke troch it ministearje fan fiskerij. As de jonge ieltsjes folwoeksen wurden binne, kinne se wer frijút nei de Sargassosee swimme om dêr wer foar neiteam te soargjen.