Sporter fan de Wike: follybalster Paula Boonstra

08 maaie 2020 - 15:55

Follybalster Paula Boonstra spilet takom jier yn de Frânske kompetysje, mits it allegear trochgiet fansels. Boonstra spile de lêste twa seizoenen mei sukses yn België en kin dêrtroch de stap hegerop meitsje. Folgjend seizoen spilet se by Paris Saint-Cloud.

Paula Boonstra is thús, by har heit en mem yn Gytsjerk. Lykas safolle topsporters op dit stuit net by harren klup of trainingslokaasje binne. Boonstra follyballe de lêste twa jier yn Beveren. Mei de klup Asterix Avo Volley waard se ferline jier kampioen. Dit jier stiene sy wer earste. De play-offs om de nasjonale titel soene hast begjinne. Doe kaam der ynienen in ein oan it seizoen.

"Ik heb niet eens echt afscheid kunnen nemen. Dat is best raar, want ik heb nu ook een andere club. Het is wel echt vervelend dat je zo ver bent gekomen tijdens het seizoen en het dan niet af kunt maken." Sy pakte daalks nei de beslissing dat it seizoen net útspile wurde soe har spullen en gie werom nei Nederlân. "Ik ben wel blij dat ik dat gedaan heb, want in België mag je echt helemaal niks." Se wenne yn de studintestêd Leuven. "Veel speelsters studeren daar." Se trainden dêr ek, mar in oere fierderop spilen se harren wedstriden yn Beveren.

Suksesfolle jierren yn België

Boonstra waard ferline jier kampioen en ek dit jier seach it der goed út. "We speelden Europees ook goed. Ik ben blij dat ik de stap naar de Belgische competitie gemaakt heb." It nivo yn België is krekt efker wat heger as yn Nederlân, dêr't se spile by VC Snits. "Het is hier allemaal net iets professioneler. We trainen hier meer. Vooral de topclubs zijn qua niveau wel een stapje hoger dan in Nederland. Ik was wel benieuwd of ik dit niveau aan kon." Dat slagge, want nei twa jier giet se no wer in stap heger.

Paula Boonstra yn aksje by har foarige klup VC Snits - Foto: Orange Pictures

  • 2018-2020

Asterix Avo Volley Belgium

  • 2016-2018

VC Sneek

  • 2014-2016

SuDoSa Assen

Prizekast

  • Super Cup yn België (19/20)
  • Nasjonale titel yn België (18\19)
  • Super Cup yn België (18\19)
  • Beker yn Nederlân (17/18)
  • Ferliezend finalist Kampioenskip yn Nederlân (16/17)

Takom seizoen spilet sy yn Parys. De klup hat de namme Stade Francais Paris Saint-Cloud. "Hoe ik die uitspreek, weet ik ook nog niet, haha." Paula har Frânsk is noch net geweldich. "Maar ik weet dat ze veel buitenlanders aantrekken, waaronder een Belgische. Dat scheelt." Nei België sil se no wer in stap heger. "De Franse competitie is weer stukje hoger qua niveau dan in België. We trainen weer wat meer bijvoorbeeld. Bovendien beginnen we volgend jaar met een zo goed als nieuw team."

De ploech stie 11e, doe't de kompetysje stopset waard. "Maar ze willen met een nieuwe ploeg de stap naar de top zetten." De kompetysje set yn augustus útein. "Maar ik vraag me af of we dat wel halen. Frankrijk is er erger aan toe dan Nederland. En bovendien is volleybal best wel een contactsport. We raken natuurlijk steeds de bal aan, maar komen na elk punt ook vaak naar elkaar toe. Ik zie het eerlijk gezegd niet zo snel gebeuren dat we in augustus beginnen, maar ik hoop het natuurlijk wel."

Besjoch hjir it hiele ynterview:

(advertinsje)
(advertinsje)