Famke krijt gyk tsjin holle

12 jul 2012 - 13:01

Op in sylskip op it Waad súdlik fan Skylge is tongersdeitemoarn in famke fan 10 jier bûten westen rekke omdat se de gyk tsjin de holle krigen hie. De rêdingsboat fan Skylge is útfearn en hat it famke nei de wâl brocht.

Oan board is se troch ambulânsemeiwurkers fersoarge. Fan Harns is se nei it sikehûs yn Ljouwert ferfierd.

Trefwurden: 
famke gyk
(advertinsje)